Ferwert wint yn Mantgum de gouden klaverkes op 1e Jong Famme Partij

Ferwert heeft vandaag op 10 juli 2004 de 1e Jong Famme Partij gewonnen in Mantgum. 1e Ferwert: Hilda Tjepkema, Anna Lynn Wijbenga en Ingrid de Haan 2e Berltsum: Marijke Westra, Tryntsje de Jager en Leonie Zeinstra 3e Minnertsgea: Jannine Klaver en Maaike Joostema 3e Dronryp: Ilse Arendz, Imke van der Leest en Annelien Hanje.

De foto’s staan inmiddels ook online, klik op de link helemaal aan het eind van het verslag om naar de foto’s te gaan. Ferwert wûn ôfrûne sneon yn Mantgum de earste Jong Famme Partij troch yn de finale it partoer fan Berltsum mei fiif om twa te ferslaan. K.V. Foswert wurdt dêrmei de earste hâlder fan de skitterende wikselpriis, in frouljuskeatser yn edelmetaal tsjin in achtergrûn fan laaistien op in sokkel mei in klaverkefjouwer yn sulver. In pronkje, ûntwurpen en makke troch de keunstenares Hennie Broers út Wurdum. Alles stie ôfrûne sneon strak op it keastfjild yn Mantgum: de seilen en de flaggen om it fjild fanwege de hurde wyn en de kopkes fan de keatsers fanwege de spanning. In moaie list mei 16 partoeren, in prachtige entûraazje, in fjild as in biljertlekken, sinneskynwaar, net in spat wetter mar spitigernôch mei as iennichste spulbrekker de hurde wyn. Dy spile in protte keatsers parten, sadanich dat skiedsrjochter van der Veen nei trije partijen de stuiten mei twa meter ynkoartsje liet. It bleau lykwols dreech keatsen en de measte punten waarden wûn of ferlern oan de stuit. Mei dêrtroch koe in kânshawwer as Skearnegoutum yn de earste omloop tsjin in oare favoryt Wytmarsum mar twa earsten oan de tillegraaf krije. Berltsum, mei in sterke Leonie Zeinstra like dêr net foller lêst fan te hawwen. Mei twa kear skjinne fiif (Tsjummearum en Hallum) hellen se de heale finale. In heale finale dy’t ek helle waard troch Dronryp, Minnnerstgea en Ferwert. Trije partoeren dêr’t fantefoaren ek rekken mei hoden wie. Dronryp hie oant dat momint deeglik keatst en Reahûs-Tirns op trije earsten hoden en Goaiïngea (foarich jier mei itselde partoer op itselde fjild noch bûnswinner by de Famkes) krige sels gjin buordsje. Ferwert hie it dreger. Op de twadde list stiene se tsjin in oare favoryt, Wytmarsum, hieltyd achter (skjinne trije, fjouwer om twa en fiif om trije). Op dy stân wie it benammen Ingrid de Haan dy’t op en út Wytmarsum net mear in buordsje gunde. Achterynse Anna Lynn Wijbenga beslikke mei in boppeslach de partijyn styl. Minnerstgea mei it twatal Janine Klaver en Maaike Joostema siet yn in moai blokje en se joegen Menaam en Hitsum gjin kans. Doe wie de lêch út by it twatal. Yn de heale finale tsjin Berltsum krigen se pas op skjinne fiif de kans wat werom te dwaan mar fierder as in spul lieten Leonie Zeinstra, Marijke Westra (makke har paadsje treflik skjin foaryn) en Tryntsje de Jager (betroubere foar minst opslach) it net komme en dêrmei wie Berltsum de earste finalist. Ferwert en Dronryp liken der yn harren heale finale eefkes in wat spannender partij fan te meitsjen mar it wie te sjen dat Ferwert gâns moed út har swiere twadde omloop helle hiene. Dronryp koe op en út net genôch bringe. Doe’t Imke van der Leest de foarbêst oernaam fan Ilse Arendz like it tij eefkes te kearen mar it wie dudlik dat Ferwert yn de winning mood wie en it meast komplete partoer hie ûnder oanfiering fan wer Ingrid de Haan (foar bêst op en foaryn), dy’t fertrouwe koe op de foar minst fan Hilda Tjepkema en wist dat ek achteryn Anna Lynn Wijbenga net in bal fertroud wie. Mei fiif om trije stapten sy de finale yn. De finale tusken Ferwert en Berltsum moast sjoen it fertoande spul fan beide partoeren wol spannend wurde. It kaam oars. Neidat Leonie Zeinstra cs it earste buordsje pakt hiene gie it mei Berltsum folslein mis by de oplsach. Leonie de hiele dei fliegend oan de stuit en achteryn koe it perk amper mear fine en mei dêrtroch stiene se samar fjouwer omme ien achter. In wisse opslachbal wie ek net fertroud, dy krigen se om ‘e earen fan Ingrid en Anna Lynn. De de partij like noch eefkes te kanteljen op fjouwer om twa. De fjouwer om trije hiene se mei in skjinne seis foar it gripen. Mar wer hapere it oan de stuit by Berltsum, se joegen it earst út hannen. Mei mar leafst fjouwer opslachflaters yn it lêste earst krige de finale in antiklimaks. De krânsen, it goud en de wikselpriis giene dêrmei nei Ferwert. De tiid sil it leare oft dit in felbegearde trofee foar junioare froulje wurde sil mar elk wie it der oer iens dat dizze partij it yn him hat om in “klassiker” te wurden yn it rychje PC, Bond en Ald Meyerspartij. It klaverkefjouwer op wikselpriis en earetekens (sulveren brosjkes mei in respektivelik gouden, sulveren en brûnsen klaverke) is in lytse knypeach yn dy rjochting. Ferwert hie yn de gaten dat se mei dizze oerwinning mooglik histoarje skriuwe mar tagelyk wie der fertwifeling, want moasten se no ek mei de koets troch it doarp want it fielde suver as hiene se de Jong Nederlân wûn. Dat is fansels net sa, want dizze Jong Famme Partij is in eksperiment dat yn alle gefallen ek de kommende twa jier yn Mantgum hoden wurde sil, mar in Bûnspartij is it (noch) net. De KF Jacob Klaver hie de saken perfekt foarinoar en hat sjen litten dat se dizze partij de kommende jierren goed op de keatskaart sette kinne. Njonken de Lytse PC kin dit útgroeie ta in partij mei allure dy’t junioare-keatsters net misse wolle. It soe fantastysk wêze at dizze partij in stimulâns wurdt foar it frouljuskeatsen en de oanset jout ta it opsetten fan in echte junioarekategory by de froulju. Takom jier wurde der noch mear partoeren ferwachte sjoen de talinten dy’t der út de famkes oankomme en foar in part sneon ek al wiene. En foar deselden dy’t der no net wien: dy sille witte wat se mist hawwe. Popke van der Zee Zie ook het verslag in het Fries Dagblad van 12 juli 2004.

Geplaatst op 10 July 2004